De HT Roeirace live te folgjen by Omrop Fryslân

Roeien fan Harns nei Skylge, freed 10 maaie is it wer safier: de 48e edysje fan de HT Roeirace. 140 sloepen geane de striid mei inoar oan en sille it Waad oerstekke. De hiele race is live te folgjen by Omrop Fryslân.

De HT Roeirace is de jierlikse roeiwedstriid op it Waad tusken Harns en Skylge, ek wol de keninginnerace neamd. Wat yn 1975 begûn mei twa sloepen is útgroeid ta ien fan de grutste roeieveneminten yn ús lân. De wedstriid is lang, swier en 34 kilometer lang. 

Folgje it live by Omrop Fryslân 
De hiele race is fan 13.00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en online. Ferslachjouwer Lennard Jan Geerts sil ferslach dwaan by de start en de finish, en fart mei de organisaasje by de sloepen del. Willem Vermeltfoort docht ûnder de race live ferslach fan in boatsje ôf. Ek wurdt der mei in drone fan boppe ôf sjoen nei de race. Tusken 17.30 en 18.00 oere wurde de sloepen ferwachte yn de haven fan Skylge.

Dokumintêre
Yn it wykein fan 15 en 16 juny is der in dokumintêre fan FryslânDOK oer de HT Roeirace te sjen by Omrop Fryslân. Makker Simone Scheffer sjocht werom op de HT Roeirace en praat mei de ferskate teams, hoe’t sy harren tariede foar sa’n swiere race.

De HT Roeirace is op freed 10 maaie fan 13.00 oere ôf live te folgjen op radio, telefyzje en online by Omrop Fryslân.

Snein 12 maaie binne alle moaie mominten fan de HT Roeirace nochris werom te sjen yn de kompilaasje dy’t om 17.30 oere en dêrnei elts oere útstjoerd wurdt by Omrop Fryslân.